Boalserter fytser ferwûne by botsing

07 jun 2015 - 11:46

In 57-jierrige Boalserter is sneontemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Dykstrjitte yn syn wenplak. De fytser krige op de krusing mei de Harnzerstrjitte gjin foarrang fan in 37-jierrige autobestjoerder út Boalsert. Dy hie him oer de holle sjoen. De fytser sloech oer de kop en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat er in brutsen skouder hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)