Boalserter fuotbalfúzje RES-SC Bolsward giet definityf troch

11 jun 2015 - 11:11
  • De fuotbalklup giet fierder ûnder de namme SC Bolsward

De fúzje fan de Boalserter katolike fuotbalklup RES mei SC Boalsert is no definityf. Beide ledegearkomsten hawwe woansdeitejûn ynstimd mei de fúzjeplannen. Fan takom seizoen ôf geane de klups fierder ûnder de flagge en namme fan SC Boalsert. Benammen foar RES wie de fúzje nedich. It ledetal fan fuotbalklup út 1936 rint al in skoft achterút. Goed 90 prosint fan de leden stie ek achter de fúzje.

Under de leden wie wol wat emoasje oer it ferdwinen fan de klup. Ek hawwe inkelde donateurs fan RES oanjûn dat se har lidmaatskip opsizze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)