Boalserter fûn troch twillingsuskes út Sweden

10 aug 2015 - 20:50
  • Tim Dondorp
  • Dokuminten fan Tim Dondorp

In 36-jierrige ynwenner fan Boalsert hat der moandei ûnferwachte twa suskes bykrigen. It giet om Tim Dondorp. Hy is opspoard troch syn twa jongere twillingsuskes Lin Backlund en Emelie Falk út Sweden.

Tim Dondorp waard 36 jier lyn yn Yndonezië berne ûnder de namme Heri Setiowan. Hy waard troch syn biologyske âlden ôfstien foar adopsje en bedarre sa yn Nederlân. De famkes dy't him opspoarden hawwe deselde biologyske âlden en waarden yn 1983 adoptearre troch twa ferskillende famyljes yn Sweden. De famkes ha Dondorp opspoard op Facebook.

Moandei kaam it kontakt tusken Dondorp en syn suskes ta stân, meikoarten sil Dondorp harren ek persoanlik moetsje, sa lit er witte. De suskes tochten earst noch dat in Amelanner harren broer wie, mar dat bliek net sa te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)