Boalserter ferdronken yn haven fan Stein yn Limburch

12 jul 2015 - 21:53

Yn it Limburchske Stein is sneintemiddei it stoflik omskot fûn fan in 18-jierrige man út Boalsert. Hy wie sneon yn de haven fan in boat fallen en kaam net mear boppe wetter. Dûkers fan de brânwacht ha it hiele wykein mei sonarapparatuer nei de man socht. De plysje hâlde sneon twa manlju oan dy't by it slachtoffer op de boat wiene. Mar snein mochten se wer nei hûs ta. De plysje giet foarearst út fan in ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)