Boalserter boaten nei oar plak

20 feb 2008 - 20:12

Boalserters meie har boat yn 'e simmer net mear yn it Krúswetter en it súdlik diel fan de stedsgrêften lizze. De gemeente reservearret it gebiet tenei foar wettersporttoeristen. Foar har binne ferskate foarsjennings oanlein.

Boalserters dy't in lisplak foar har boat sykje moatte útwike nei de Ljouwerterfeart en it westlik diel fan de stedsgrêft. De gemeente hâldt meikoarten in ynformaasjebyienkomst oer de nije regel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)