Boalsert wol fergees parkeare

27 nov 2012 - 17:13

No't Snits it winkeljend publyk fergees parkearen oanbied oant 5 desimber op grutte parkearplakken by it sintrum, set de middenstân fan Boalsert alles op alles om it parkearen yn de hiele stêd fergees te meitsjen mei in blauwe sône.

Je kinne dan de lêste trije wiken fan desimber in beheinde tiid fergees parkeare yn de Boalserter binnenstêd. De parkearterreinen oan de râne fan de stêd wiene al fergees. De fraach is allinnich oft de gemeente meiwurkje wol. Foarsitter Lunter fan Boalsert Promotion hat goeie hope dat de gemeente meiwurkje sil.

It fergees parkearen yn Snits ûntstie út in aksje om de nije parkeargaraazje Boschplein te promoatsjen. De gemeente Súdwest-Fryslân betellet dêr oan mei. Yn Boalsert binne de ûndernimmers ree de parkearkosten dy't de gemeente misrint te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)