'Boalsert wol betiid op stap'

04 jul 2009 - 09:04

Boalserters wolle betiid op stap, dat seit it CDA yn 'e gemeente. Dat hold by de Heamieldagen in enkête ûnder 300 besikers. It grutste diel fan har fynt dat kroegen en disko's nei tolven gjin nije besikers mear talitte meie en dat se om twa oere ticht moatte.

De resultaten fan de enkête komme oerien mei wat de Fryske aksjegroep 'Vroeg op Stap' wol. It CDA sil de resultaten ferwurkje yn it programma foar de ferkiezings fan takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)