Boalsert wint lêste SKS-striid

31 jul 2009 - 16:17
  • De rûte op 'e Snitsermar

Boalsert waard freed de winner fan de lêste SKS-wedstriid fan 2009, fersyld op de Snitsermar. Pieter Meeter helle op it lêste momint it skûtsje fan Grou yn. Earnewâld waard tredde.

Troch de flagerige wyn wiene der tidens de wedstriid in soad wikselingen. Op it lêst stie der hielendal gjin wyn mear. In ferrassing wie it Huzumer skûtsje, dy't as fjirde oer de finishstreek kaam. De Jouwer ferliet it wedstriidwetter. Ljouwert kaam trije kertier letter oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)