Boalsert wint ek by De Lemmer

05 aug 2004 - 16:43

It skûtsje fan Boalsert fan skipper Eldert Meeter hat ek de SKS-wedstriid fan woansdei by De Lemmer wûn. It skûtsje hie yn it lêst fan de wedstriid in geweldige foarsprong. Troch de wyn wiene der yn dizze wedstriid in soad wikselingen.

It skûtsje fan It Hearrenfean einige op in twadde plak. Dêrachter kamen Starum en Langwar. Boalsert stiet ek boppe-oan yn it klassemint mei 21,7 punten. It Hearrenfean stiet twad mei 21,9 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)