Boalsert siket stedsomropper

26 apr 2007 - 10:56

Boalserters mei in lûde, dúdlike stim kinne har oanmelde foar stedsomropper. De gemeente Boalsert hat op foarstel fan it CDA besletten ien oan te stellen. Der stiet no in advertinsje yn 'e Boalserter krante. Kandidaten moatte ek ree wêze om in tradisjoneel kostúm oan te dwaan. As fergoeding krije se tûzen euro yn it jier.

De 'stedsstim' kundiget eveneminten oan en kin ek ynhierd wurde troch it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)