Boalsert siket stedsdichter

19 sep 2010 - 10:51
  • De ferneamdste dichter fan Boalsert wie Gysbert Japicx (foto: Omrop Fryslân)

Boalsert siket in stedsdichter. Hy of sy moat op syn minst twa kear yn it jier in gedicht skriuwe oer de stêd of oer in nijsfeit dat mei de stêd te krijen hat. Fierders moatte gedichten foardroegen wurde by yn alle gefallen twa eveneminten yn 't jier.

De stedsdichter moat yn it Nederlânsk, it Frysk en it Boalserters dichtsje. Der moatte harren op syn minst trije kandidaten opjaan. Sy moatte op 7 oktober op Bolletongersdei sjen litte wat se kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)