Boalsert krijt 'stedsbelang'

23 des 2013 - 16:33

Boalsert begjint it nije jier mei in nij inisjatyf: Stifting Stedsbelang Boalsert. Stedsbelang moat it trochjoulûk wurden tusken de Boalserters en de gemeente Súdwest-Fryslân. Ferskate maatskiplike partijen nimme plak yn it bestjoer. Dêrby kin tocht wurde oan sportferienings, ûndernimmers, musea mar ek boargers en wykferienings.

As gesprekspartner fan de gemeente wol stedsbelang opkomme foar de belangen fan Boalsert. Ien fan dy belangen is de striid om it swimbad iepen te hâlden.

Neffens wurdfierder Marten Hiemstra is stedsbelang benammen nedich omdat Boalsert gjin selsstannige gemeente mear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)