Boalsert baggeret syn wetters út

13 aug 2002 - 00:00

De Hartwerterfeart yn Boalsert wurdt de kommende wiken útbaggere. De bagger wurdt fia in buis nei in depot brocht. Neidat it dêr yndroege is, wurdt it brûkt by de oanlis fan bolwurken yn in natuerplan by Boalsert.

Nei de Hartwerterfeart wurde ek de stedsgrêften fan Boalsert útbaggere. It grutste part fan it wurk moat foar 1 oktober klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)