Boaiemûndersyk yn Ljouwert

09 nov 2000 - 10:47

De gemeente Ljouwert hat in pear tûzen minsken frege mei te wurkjen oan in boaiemûndersyk. It ûndersyk wurdt dien troch yngenieursburo Oranjewâld.

De gemeente Ljouwert is opdield yn 30 gebieten dêr't grûnmeunsters naam wurde. At bliken docht dat de grûn yn guon gebieten slim fersmoarge is nimt de gemeente maatregels. De ûndersyksresultaten komme oan 'e ein fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)