Boaiemfynstdei yn Bûtenpost

25 feb 2012 - 15:59

In boaiemfynstdei yn Bûtenpost luts sneon in soad belangstellenden. Ut it hiele lân wei kamen minsken mei eigen fynsten nei it iistidemuseum ta. Se koene dêr ynformaasje krije oer it guod of it spul útstalle foar it publyk. Der wiene ûnder oare âlde munten, sieraden en knopen te sjen.

Ien fan de bysûnderste saken wie in lyts kaaike út de Fikingtiid fan mear as tûzen jier âld. Mei-inoar kamen der likernôch 150 besikers nei de boaiemfynstdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)