Boaiemfersmoarging net oprêden

23 feb 2012 - 19:16

De provinsje sjit bot tekoart yn it oprêden fan earnstige boaiemfersmoarging. Dat konkludearret de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport oer de fersmoarging yn Noard-Nederlân. Ut ûndersyk fan de rekkenkeamer docht bliken dat it gemiddeld 11 jier duorret foardat fersmoarge grûn oprêden wurdt. Ek as der risiko foar de folkssûnens is.

Dat it sa lang duorret leit neffens de rekkenkeamer ûnder oare oan grûneigners dy't net meiwurkje wolle oan de sanearing, mar dêr ek net ta twongen wurde troch de provinsje.

De rekkenkeamer komt mei in grut tal oanbefellings oan de provinsje en deputearre steaten hat oanjûn dy ek oer te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)