Boaiemdelgong Hjerbeam set noch 35 jier troch

21 nov 2014 - 11:35

Boer Hofstra fan Hjerbeam hat tongersdei mei in soad kollega's heard dat de boaiemdelgong noch trochset oant 2050 en útkomt op sa'n 46 sentimeter. Dat waard op in ynformaasjegearkomste fan oalje- en gasbedriuw Vermilion yn Seisbierrum ferteld. De gaswinning is al sûnt 2008 stopset, mar de boaiemdelgong net. Dat spilet foaral yn Hjerbeam en omkriten. Hofstra buorket op it djipste punt fan de boaiemdelgong en hat al jierren lêst fan in hegere wetterstân. De skea wol hy graach ferhelje, mar de kâns dat soks bart is lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)