Boaiem fersmoarge by wenarken

02 jul 2013 - 09:48
  • Logo gemeente Boarnsterhim

By tsien wenarken yn De Meer en oan de Oedsmawei yn Grou is de boaiem fersmoarge. Dat is dúdlik wurden nei ûndersyk troch de gemeente Boarnsterhim en it Wetterskip. De lokaasje oan De Meer is yn de jierren '50 brûkt foar it stoarten fan húshâldôffal. De perselen kinne neffens de gemeente brûkt wurde. Dan moatte se wol ôfdekt wurde mei in ferhurding of mei gers. De grûn is net geskikt foar bewurking of in grientetún. De boaiem wurdt net saneard.

By de Oedsmawei yn Grou is net allinnich de wâl dêr't de wenarken lizze fersmoarge, mar ek de wetterboaiem. Hjir leit neffens de gemeente mooglik púnôffal fan de ôfbaarnde Halbertsmafabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)