Boade foarkomt ludike aksje Freonen Omrop Fryslân

09 okt 2015 - 06:17

In lytse ludike aksje fan de Freonen fan Omrop Fryslân oan it begjin fan it dedat oer de Mediawet foel tongersdeitejûn in bytsje yn it wetter. De Freonen dielden mei help fan PvdA-keamerlid Lutz Jacobi wekkers út oan alle mediawurdfierders yn de plenêre gearkomsteseal fan de Twadde Keamer. Dy wekkers hiene om acht oere - ûnder it debat - ôfgean moatten.

Mar in boade fan de keamer fertroude it net, en liet alle wekkers wer ferwiderje.

De groep Friezen dy't ôfreizge wie nei Den Haach wie net al te grut, mar neffens Jacobi makket it dochs ferskil. It debat gie úteinlik troch oant healwei fjouweren nachts. De stimming oer de nije mediawet folget kommende tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)