BNN fynt Seisbierrum gastfrij

17 maaie 2010 - 16:35

Seisbierrum is neffens tv-programma Nu we er toch zijn fan BNN tige gastfrij. In kameraploech fan it BNN-programma spaande trije dagen troch it doarp om de gastfrijens fan de Seisbierrumers út te besykjen. Sa waard rûnom oanbelle mei de fraach oft se der ek sliepe of ite koene.

Neffens de presintatrise is Seisbierrum tige gastfrij en dat is beleanne mei in buordsje oan de muorre fan it gemeentehûs. It programma wurdt yn july útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)