Blydskip oer Smilde Foods

29 jun 2010 - 17:14
  • Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Eaststellingwerf is bliid dat Smilde Foods keazen hat foar Easterwâlde as plak dêr't tenei alle salades makke wurde. It gemeentebestjoer hat der wolris oer ynsitten dat it bedriuw fuortgean soe. Dat seit boargemaster Oosterman.

Smilde slút de fêstiging yn Emmen. De fyftich meiwurkers wurde oerpleatst nei it fabryk yn Easterwâlde. Der wurdt noch praat oer ôfspraken foar personielsleden út Emmen dy't net meiwolle nei Easterwâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)