Blustekken by natuerbrannen

10 jul 2011 - 12:22
  • Foto: Anton Hooghiemstra

Natuerbrannen kinne tenei makliker bestriden wurde. De brânwacht fan De Jouwer hat in spesjale blustekken ûntwikkele fan glêsfiber. Troch dy oer de brân te slepen, komt der gjin soerstof mear by en giet it fjoer út.

Hein van Dijk fan brânwacht De Jouwer kaam op it idee nei oanlieding fan de brân yn it Fochtelerfean, ein april. Dêr wie it dreech om oan wetter te kommen. De tekken soarget dat der eins gjin wetter mear nedich is. Van Dijk hat patint oanfrege op syn fining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)