Bluskarre foar De Lemmer

27 maaie 2010 - 21:48

De brânwacht fan De Lemmer kin tenei alle strjitten yn har wurkgebiet berikke. In spesjaal ûntwurpen bluskarre moat dêrfoar soargje. It idee fan de bluskarre kaam fan de blusgroep fan Ychten. Yn it gebiet bûten Ychten binne inkele hûzen allinnich mar te berikken fia in smel skelpepaad. Mei de hânkarre kin de brânwacht dizze hûzen no dochs berikke.

De karre kin ek brûkt wurde om slachtoffers te ferfieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)