Blusfiver by gasstasjon

12 feb 2003 - 00:00

Der komt nei alle gedachten in grutte blusfiver by it gasstasjon by Aldeboarn. Dat moat omdat de brânwacht by it stasjon genôch bluswetter efter de hân hawwe wol. Troch wurk oan it lân is der minder wetter yn sleatten.

Om de komst fan de blusfiver mooglik te meitsjen, moatte sawat 70 beammen en boskjes fuorthelle wurde. De Gasunie hat dêrfoar in fergunning oanfrege. Tsjinstanners kinne noch in goeie wike beswier meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)