Blunderjende skiedsrjochter fan bekerwedstriden helle

21 sep 2015 - 20:46
  • Cambuur-Twente

Skiedsrjochter Stijn Berben, dy't ferline wike de wedstriid Jong Feyenoord tsjin Jong Cambuur fluite, is troch de KNVB fan twa bekerwedstriden ôfhelle. Berben soe de wedstriden dizze wike fluitsje. Hy fergeat ferline wike in reade kaart foar Eljero Elia op it wedstriidformulier te setten. Elia makke yn de wedstriid tsjin Jong Cambuur in slaande beweging of kopstjit nei ien fan de Cambuurspilers. Mei troch de flater fan Bergen hoecht Elia no net fjouwer wedstriden oan de kant te sitten, mar koe hy dit wykein gewoan wer spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)