Bluesleginde B.B. King ferstoarn

15 maaie 2015 - 09:00
  • B.B. King

De Amerikaanske bluesleginde B.B. King is yn Las Vegas ferstoarn yn de âldens fan 89 jier. Dat hawwe syn saakwaarnimmers wite litten. King wie al in skoft slim siik. Gitarist en sjonger King makke syn earste platen yn 1949. Al yn de jierren fyftich joech King mei syn band yn Amearika sa'n 275 optredens yn it jier. Yn 1969 reizge King foar it earst nei Europa.

King hie ek waarme bannen mei Fryslân. Bauke Algera fan Snits wie jierrenlang syn Europeeske toermanager. King wie ek in jiermannich shirtsponsor fan ONS Snits.

King hjitte offisjeel Riley Ben King en waard berne tusken de katoenplantaazjes fan de steat Mississippi. As bern plôke hy katoen om syn mem oan ekstra ynkommen te helpen. De earste muzyk dy't er yn syn libben hearde wie de gospel yn tsjerke. B.B. King hie in soad ynfloed op oare muzikanten as Eric Clapton, Jimmy Hendrix en U2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)