Blowferbod yn Lemsterlân

18 maaie 2006 - 14:18

Op it Zuyderzeecollege op 'e Lemmer jildt fan takom woansdei ôf in blowferbod. De gemeente Lemsterlân hat de APV oanpast en dat betsjut dat se oeral yn de gemeente sa'n blowferbod ynstelle kin.

It ferbod jildt ek foar jongerensintrum 'It Flevohûs'. Op it Zuyderzeecollege mocht ek fan de skoallieding net blowd wurde, mar troch de beslissing fan de gemeente kin de plysje no bekeurings útdiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)