Blomsied spuite mei wettertank

19 mrt 2012 - 16:34
  • Wethâlder Thea Koster
  • Spuitwein mei blomsied

Oan de Oeriselsestrjitwei by Ljouwert is moandei blomsied ynsiedde mei help fan in grutte ridende wetterspuittank. Dat die wethâlder Thea Koster. De aksje fynt plak omdat de earste faze fan it bouprojekt dêr klear is.

Oannimmer Heijmans hat sân spuite en dy grûn moat stevich wurde. Dat duorret in skoft. Yn de tuskentiid feroaret de grûn yn in blommesee, sa is de bedoeling. It sânstik leit yn in stik lân tusken Techum en Wirdum. Yn it gebiet wurdt in nije wenwyk boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)