Blommesee foar omkommen pear

16 maaie 2014 - 10:42
  • In blommesee foar de doar fan snackbar De Kombuis
  • De eksploitanten fan de snackbar kamen om byn België

By De Kombuis yn Harns ha tsientallen minsken blommen dellein. De ekploitanten fan de bekende Harnzer snackbar kamen woansdei om by in swier ûngelok yn België.

It echtpear fan 51 en 52 jier stiene op de E17 by Zwijnaarde yn de file, doe't it Roemeenske frachtweinsjauffeur op harren ynried. De frachtwein en it buske fan it Harnzer pear baarnden folslein út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)