Blommen om stêd op te fleurjen

31 okt 2002 - 00:00

It sintrum fan Ljouwert moat fleuriger wurde. De PvdA stelt út om blombakken del te setten. De politisy fine it byld saai, keal, griis en abstrakt. De plantebakken bringe mear natuerlike en kleurrike eleminten yn it strjitbyld.

Ek oan gevels fan winkels en by de grêften soenen blommen komme moatte. De ûndernimmers moatte neffens de PvdA meibetelje oan it opfleurjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)