Blommen foar brânslachtoffer

21 okt 2013 - 12:54
  • Minsken lizze blommen del by it plak fan de brân
  • Blommen foar Idsart Otte oan de ôfsetting op de Kelders
  • Der komme hieltiid mear blommen op de Kelders te hingjen

By de ôfsetstekken op de Kelders yn de Ljouwerter binnenstêd wurde sûnt moandeitemoarn blommen dellein ta neitins fan Idsart Otte, de 24-jierrige man dy't sneontejûn by de brân omkaam. In soad minsken komme nei it sintrum om te sjen hoe't de útbaarnde pannen der by steane. Benammen jongerein hinget blommen oan de stekken dêr't it gebiet mei ôfset is.

By Stenden Hegeskoalle hinget de flagge healstôk. Idsart Otte studearre oan Stenden. De hegeskoalle is fan doel de studint nije wike moandei te betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)