Blomlêzing Fryske oarlochsfersen

13 apr 2004 - 00:00

By útjouwerij Bornmeer ferskynt de bondel 'Wat is it goed te witten.' De blomlêzing mei Fryske fersen giet oer de Twadde Wrâldoarloch. De bondel is gearstald troch Teats de Vries.

Yn de bondel steane fersen fan D.A. Tamminga, Freark Dam, Margryt Poortstra en Aggie van der Meer. Ek wurk fan bekende Friezen as Klaas Jansma, Leny Dijkstra en Rense Westra stiet deryn. De bondel wurdt freed 23 april oanbean yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)