Blomkweker bestellen fan selskweekte nije bollesoart

13 maaie 2015 - 15:35
  • De keizerskroan is in blom út de leeljefamylje

Blomkweker Doede de Jong út Mullum is bestellen fan bollen dy't er kweekte foar in nije soart. De bollen fan de nije keizerskroan binne út it fjild helle dêr't se mei oare blombolblommen yn stiene. De Jong wurket al tweintich jier oan de ideale keizerskroan. Syn maatskip sil dêr patent op oanfreegje.

De Jong tinkt dat de dieven út wiene op krekt dy soart keizerskroanbollen, want inkeld dat rychje is opdold en meinaam út it fjild. De stellerij wie tusken 6 en 8 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)