Blomketerp noch net ticht

17 feb 2011 - 23:20
  • Der is in soad wjerstân tsjin de sluting fan it swimbad

Der binne 5 nije plannen op tafel kaam om it swimbad Blomketerp yn Frjentsjer te rêden. Dat die tongersdei bliken tidens de riedsgearkomste oer de mooglike sluting fan it bad. It kolleezje sil sa gau as mooglik mei de plannemakkers om tafel. Dêrmei is de sluting foarearst wer fan de baan.

Yn maaie komt it opnij op de aginda fan de ried. Dan moat ek bliken dwaan oft de plannen echt takomst hawwe. Mocht it op neat útrinne dan giet it swimbad op 1 juny dochs noch ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)