Blomketerp: gjin jildich bod

25 jan 2011 - 15:40
  • Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer: net ien jildich bod

Der is gjin jildich bod útbrocht op swimbad Blomketerp yn Frjentsjer. It swimbad wurdt sadwaande foarearst net ferkocht. De gemeente wol graach fan it swimbad ôf om te besunigjen. By de feiling waard tiisdei dúdlik dat der mar twa biedingen dien binne. It earste bod is fan eksploitant Optisport.

Optisport die in negatyf bod: it bedriuw wol jild ta ha fan de gemeente om Blomketerp oer te nimmen. Ek it bod fan de twadde partij is net jildich: der sieten ferskate betingsten oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)