Blomkemerk yn Ljouwert

20 maaie 2004 - 00:00

Mei de kryst- en peaskedagen nei de meubelboulevard en mei Himelfeartsdei nei de blomkemerk yn Ljouwert. Dat is hast fanselssprekkend.

De simmer stiet wer foar de doar, dus it wurdt wer túnwaar. Tûzenen minsken strunen tongersdei skouder oan skouder oer de merk, op syk nei blomkesguod. Want de kofferbak moat al fol. Op 'e blomkemerk is it goedkeaper as yn de winkel. Soms binne de plantsjes sels fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)