Blombollen ek by huzen tele

13 maaie 2009 - 22:16

Boeren dy't blombollen tele, meie dat yn de takomst ek op 30 meter fan in wenhûs dwaan. Dat hat de Raad van State besletten. De gemeente Hearrenfean hie yn it bestimmingsplan foar it bûtengebiet beslist dat dat net mocht, mar LTO-Noard hie dêr berop tsjin ynsteld.

Hearrenfean fûn dat omwenners gjin lêst hawwe moatte fan bestridingsmiddels. LTO-Noard fynt dat sokke middels net skealik binne. De organisaasje is bliid mei de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)