Blombakfernielers oppakt

07 jul 2007 - 14:06

Yn Snits binne freedtenacht twa manlju oppakt foar fernielings. It giet om in 21-jierrige jongeman út Gerkeskleaster en in 24-jierrige Snitser. In tsjûge hie sjoen dat se op de Dokter Boumawei twa blombakken omkiperen. De tsjûge hie dêrnei de plysje belle.

De fandalen hiene de ynhâld fan 'e blombakken op 'e wei smiten. De twa fertochten binne op it plysjeburo ynsletten foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)