Blok:wenakkoart net neidielich

12 mrt 2013 - 14:11
  • Wenningbou

Minister Blok fan wenjen bestriidt dat de wenningbou yn Noard-Nederlân bot weromfalt troch it wenakkoart tusken in tal Twadde Keamerfraksjes en it kabinet. De wenningboukorporaasjes yn it Noarden hawwe útrekkene dat se 20-40% minder ynvestearje kinne yn wenningbou troch de maatregels út Den Haach.

Minister Blok komt yn in brief oan de Twadde Keamer ta in oare konkluzje. De nijste maatregels fan it kabinet foar de wenningmerk soene krekt posityf wêze foar de korporaasjes yn Noard-Nederlân. De SP hie de minister fragen steld oer de effekten.

De partij wol dat Blok syn plannen oanpast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)