Blokride op rotonde De Jouwer

12 mrt 2009 - 11:27

Rykswettersteat hat tongersdeitemoarn op it ferkearsplein fan De_Jouwer blokriden om it ferkear dêr wer op gong te bringen. Troch in grut tal frachtauto´s ûntstiene der files, foaral fanút de rjochting fan It_Hearrenfean. Mar ek by de lytse rotonde fan De_Jouwer en op it ferkearsplein kaam it fêst te stean.

Nei tsien minuten blokriden wie it probleem al oplost. As dat nedich is, sil Rykswettersteat faker blokride op it ferkearsplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)