Blokkade-ynrydster langer fêst

16 feb 2012 - 10:23

De 22-jierrige frou út Hallum dy't begjin jannewaris op in plysjeblokkade ynriden is, moat yn april foar de rjochter komme. Oant dy tiid bliuwt se fêstsitten. Se wurdt fertocht fan besykjen ta deaslach.

De plysje siet de frou yn Ljouwert achternei doe't se foar de twadde kear dy deis trapearre waard op riden sûnder rydbewiis. Nei in wylde achterfolging troch Wergea en Earnewâld besocht de plysje har yn Aldegea mei in blokkade tsjin te hâlden. De frou ried dêr fol op yn. De plysjes koene krekt op 'e tiid oan de kant springe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)