Blokkade garnalefiskers yn Harns

04 nov 2004 - 08:58

Hûndert garnalefiskers ha woansdei om 12.00 oere de Harnzer haven blokkearre. Se binne lulk om't se fan de NMa gjin ôfspraken meitsje meie oer prizen en oantallen. De garnalefiskers sizze dat se troch de beheinings gjin jild mear fertsjinje kinne.

De priis dy't de fiskers krije foar har garnalen is sakke oant ûnder de kostpriis. De Waadferiening stie achter de aksje. Minister Veerman hat tasein freed mei de NMa yn petear te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)