Blokkade frachtweinsjauffeurs

12 sep 2000 - 17:48

Frachtweinsjauffeurs hawwe tiisdeitemoarn de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer in oere lang blokkearre. De opstopping stie flak by de rotonde. Auto's koene allinnich mar oer de flechtstreek, dêrtroch ûntstie in file.

De sjauffeurs protestearje mei harren aksje tsjin de hege diselprizen. De middeis blokkearren oare sjauffeurs in skoftlang de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)