Blokkade buorkerij opheft

21 mrt 2014 - 12:58
  • Boerinne Lamkje Brandsma

De blokkade fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit op it boerebedriuw fan de famylje Brandsma yn Boalsert is offisjeel foarby. It bedriuw wie blokkearre om't se har net oan de regels hâlden hiene. Brandsma is earmerkwegerder. Foar him jilde ferfangende regels en dêr hie er him net oan hâlden, neffens de NVWA.

De blokkade soarge derfoar dat gjin fee nei it bedriuw brocht wurde mocht en ek net ôffierd. It waard dêrtroch hieltyd foller, omdat der wol keallen by kamen. Takom wike wurde de earste bisten wer ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)