Blokkade Brandsma opheft

12 mrt 2014 - 07:33

Biologysk boer Wytze Brandsma fan Boalsert mei meikoarten wer fee fan en nei syn bedriuw ferfiere. Dat is de útkomst fan in petear dat de boer tiisdei hie mei steatsssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken. Yn jannewaris waard it bedriuw fan earmerkwegerder Brandsma op slot set. De steatssekretaris fûn dat er him net oan de regels hold. Brandsma bestride dat en tocht dat it om tsjinwurking troch de steatssiktretaris gie, omdat er wegeret earmerken te brûken.

It petear fan tiisdei hat neffens Brandsma dúdlikheid jûn. Sadree't er oan de lêste saken út it protokol foldocht giet de blokkade fan syn bedriuw ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)