Blokhúspoarte ynternasjonaal

27 jan 2008 - 17:59
  • De Blokhúspoarte yn Ljouwert

De nije bestimming fan finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert moat ynternasjonale alluere hawwe, fynt wethâlder Bleize. Se sei dat snein op in diskusjegearkomste oer de takomst fan it histoaryske finzeniskompleks dat no leechstiet. Sa kin it bygelyks in ynternasjonaal fersetsmuseum wêze.

Mei de eigner Ryksgebouwetsjinst wurde it kommend healjier alle ideeën sammele. De tsjinst wol ek wol oare oerheidsynstânsjes yn it gebou hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)