'Blokhúspoarte nó keapje'

30 sep 2013 - 08:37

De provinsje moat de Blokhúspoarte yn Ljouwert foar in symboalysk bedrach fan 1 euro keapje fan de Rijksgebouwendienst. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij is de Blokhúspoarte in byldbepalend gebou foar Fryslân en is it no it momint om it te keapjen en dêrmei te behâlden foar takomstige generaasjes.

It stiet op de ferkeaplist fan de Rijksgebouwendienst en oant ein dit jier is der in ûntheffing fan it bestimmingsplan. It kompleks kin geskikt makke wurde foar bygelyks horeka en studintewenningen, fynt Friese Koers.

Yn de Blokhúspoarte sitte no tsientallen bedriuwen en bedriuwkes yn de kreative sektor. It eardere Hús fan Bewaring biedt ek ûnderdak oan de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)