Blokhúspoarte krijt jild foar enerzjybesparjende maatregels

02 sep 2015 - 13:13
  • Blokhúspoarte

De Blokhúspoarte yn Ljouwert is ien fan de achttjin ryksmonuminten dy't jild krijt foar oanpassings dy't de enerzjykosten drukke. Minister Jet Bussemaker fan kultuer makke woansdei bekend dat se 10 miljoen euro útlûkt foar enerzjybesparjende maatregels yn de selektearre âlde gebouwen.

De Blokhúspoarte is útkeazen om't it gebou in wichtige rol spilet yn Kulturele Haadstêd 2018. Betingst is wol dat de oanpassings de kultuerhistoaryske wearde fan de gebouwen net oantaaste. Oan de pilot dogge ûnder oare musea, tsjerken en pleatsen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)