Bloemkamp hiel gastfrij

03 jun 2010 - 22:01

Wensoarch- en behannelsintrum Bloemkamp yn Boalsert is op it tredde plak einige by in ferkiezing oer gastfrijens. Der diene 196 soarchynstellings mei. De sjuery basearre him op petearen mei de bewenners en de direksje.

Der waard ek sjoen nei it iten. Neist dizze beoardieling kriget Bloemkamp ek in fjouwer-stjerre-beoardieling yn de stjerregids. Dat is in soarte fan Michelingids foar soarchynstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)