Bloedbank freget om O-negatyf

09 jul 2011 - 13:02

Bloedbank Sanquin hat freed sa'n hûndert O-negative bloeddonoaren út Fryslân en Drinte frege om ekstra bloed te jaan. It bloed is nedich foar de ferwûnen nei it ynstoarten fan it FC Twente stadion. Dit type bloed kin sûnder risiko's brûkt wurde by operaasjes. In arts hoecht gjin bloedtest te dwaan.

Sân prosint fan alle Nederlanners hat O-negatyf as bloedgroep. In part fan it bloed wurdt brûkt as foarried yn de simmer as minsken fuort binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)